Dyn eigen sjurt ûntwerpe, te gek! Mar hoe wurket soks? Koarte ynstruksjes by it wurkjen mei de Sjurtmasine:

  • Stap 1: Selektearje in produkt

    Foar de eigenwize minsken en kreative geasten is der in Sjurtmasine! Bepaal sels hoe't dyn sjurt, trui, hûnetrun, mûtse wurdt. Wy begjinne by it produkt. Kies út watsto bedrukkte wolst. Kies in kategory (man, frou, bern, accesoires), in maat en in kleur.

  • Stap 2: Untwerp útsykje

    Asto in ûntwerp fan BaasHimd wolst, kinst ûnder it twadde knopke 'Untwerp útsykje' oan de linkerkant in design fan ús útsykje. Dy stean ûnderferdield yn kategoryen, dat binne ek ús temashops. Wannear't in design ljochtgriis werjûn wurdt, …..betsjut dat, dat it net geskikt is foar it produkt. Dan moatst in oar design of produkt kieze.

  • Stap 3 (opsjoneel): Tekst tafoegje

    Wolst noch in eigen tekst tafoegje oan dyn produkt, dan sitst goed. Under it tredde knopke sit de tekst-opsje ferskûle. Hjir kinst in lettertype kieze, in grutte en in kleurke. Mei dit ark kinst 

  • Stap 4: Foto uploade

    Hast sels wat leuks? In fakânsjefoto? In moaie foto fan beppe yn 'e rolstoel dy't in wheelie docht? Dan kinst dy hjir op dyn sjurt sette. Eins binne de mooglikheden net te tellen. It is suver in tell-sell reklame; It's amaaaazing Mike!